Korpus Sykje

Nederlands                                                                                           Engels

 

Dit is in koarte hantlieding foar it brûken fan ’e FAME-sykinterface, dy’t it argyf fan ’e radioútstjoeringen fan Omrop Fryslân yn it tiidrek 1955-2000 ûntslút.

Op ’e startside kinne jo ien of mear syktermen yn it Frysk of yn it Nederlânsk ynfolje. Dy syktermen kinne nammen fan minsken, plakken of radioprogramma’s wêze. Troch op ’e  sykknop te klikken (it fergrutglês oan ’e rjochterside), geane jo nei de sykresultaten.

De resultaten wurde yn ’e rjochterhelte fan it skerm werjûn as aparte ‘kaarten’. Se binne organisearre neffens de oarspronklike opname en wurde identifisearre troch de bân dy’t digitalisearre waard foar dit argyf (‘Bân’).

Jo syktermen binne werom te finen yn wat oft yn ’e audio fan ’e útstjoering sein is, of yn ’e metadata, d.w.s. yn ’e namme fan it radioprogramma, bekende sprekkers, in koarte skreaune beskriuwing, ensfh.

Yn elke kaart dy’t toand wurdt, wurdt de metadataynformaasje lofts boppe-oan werjûn. As de syktermen fûn binne yn ’e sprutsen audio, wurde lytse fragminten fan ’e sprutsen tekst werjûn yn it part loftsûnder op ’e kaart. Yn sawol de metadataynformaasje as yn ’e sprutsen tekst wurde de syktermen read markearre.

Oan ’e lofterside fan it skerm kinne jo de sykresultaten finer meitsje op grûn fan ’e bekende metadata oer de radioútstjoeringen: tiidrek, doer, minsken, sjenre, ensafh. Jo kinne ek útstjoeringen selektearje dêr’t de audio online fan beskikber is.

As soksoarte audio beskikber is yn in sykresultaat, wurdt in lytse audiospiler werjûn yn ’e rjochterboppehoeke fan ’e kaart. Jo kinne audio ôfspylje / stilsette en de skobalke ferslepe om troch de útstjoering hinne te navigearjen.

As jo op ’e v-foarmige heak yn it rjochterpart fan ’e audiospiler klikke, wurdt dy útteard om jo sjen te litten wêr’t yn ’e útstjoering de syktermen fûn waarden, wêrby’t de tiid op ’e hiele spiler fan lofts (begjin fan ’e útstjoering) nei rjochts rint (de ein). Jo kinne streekrjocht nei de termen dy’t fûn binne springe, troch op ’e reade balken te klikken.

Foar brûkers oan wa’t privileezjes takend binne (https://onderzoek.zoeken.fame.frl/), binne de ûnbewurke audio- en spraakwerkenningsresultaten beskikber om yn te laden. De keppelingen dêrfoar wurde dan ûnder de spiler werjûn lykas yn ’e boppesteande ôfbylding.