It Projekt

Nederlands                                                                         English

Hoe kinne wy handich en fluch âlde útstjoeringen weromfine? Mei dy fraach wrakselet de regionale publike stjoerder Omrop Fryslân. De Omrop hat sa’n 2300 oeren oan âlde radio-opnamen oerset nei in digitaal argyf. Prachtige histoaryske Fryske radioútstjoeringen, fan ’e fyftiger jierren fan ’e foarige iuw ôf oant no.

Fan ’e measte opnamen witte wy de datum, de namme en it ûnderwerp fan it programma. Mar dêrmei witte wy noch net krekt wêr’t it oer gie, wat der sein waard en wa’t oan it wurd kamen. Om dat op te lossen hat Omrop Fryslân in berop dien op ’e taal- en spraaktechnologen fan ’e Radboud Universiteit yn Nijmegen.

It doel is om software te ûntwerpen dy’t spraak werkent en yn skreaune tekst omset. It lestige is dêrby dat de útstjoeringen fan Omrop Fryslân gauris twatalich binne. Frysk en Nederlânsk wurde trochinoar brûkt.

It idee is om in spraakwerkenner te meitsjen dy’t beide talen “ferstiet”. Boppedat is it de bedoeling dat de sprekker werkend wurdt. Dizze spraak- en sprekkerswerkenning sil in soad gegevens opsmite. Dêrom moat ek in sykprogramma ûntwurpen wurde dêr’t de brûkers maklik mei sykje kinne.

FAME! stiet foar Frisian Audio Mining Enterprise. It projekt wurdt finansiere troch NWO yn it programma foar Creatieve Industrie ûnder projektnûmer 314-99-119. Sjoch hjirre.